De Stichting Herstel Halepaden                   ned. vlag


halehûske 1De "Stiching Herstel Halepaden" stelt harsels ta doel om de âlde halepaden yn de "Dokkumer Wâlden" wer safolle mooglik yn eare te herstellen. Wer't dat net mear mooglik is siket hja om alternative oplossings sa as oer skoupaden fan Wetterskip Fryslân. Dy skoupaden binne yn behear by Staatsbosbeheer. Dêrneist wol se mear kuierpaden rûnom de doarpen ha. Ek dêrta binne mooglikheden oer de skoupaden fan it Wetterskip en troch en by  de bosk-oanplantstroken fan Staatsbosbeheer lâns. Staatsbosbeheer wurke fanôf it earste begjin  mei  de "Stichting Herstel Halepaden" gear om moaie rekreative kuierpaden troch en rûnom de "Dokkumer Wâlden" oan te lizzen. In oanset is der al makke troch in ynventarisaasje te hâlden. Wetterskip Fryslân hat hat har ynstimming yntusken ek jûn.
"Landschapsbeheer Friesland" yn Beetstersweach is dé ynstânsje foar adfizen en subsydzjes en wurket ek graach mei ús gear. Ek mei "Landschapsbeheer Friesland" binne al petearen west. Beide ynstânsjes ha in koördinator oansteld om mei te oerlizzen.
Yn it lêste plak moatte wy de Gemeente Dantumadiel net ferjitte: op oantrún fan de wethâlders Bos en Hylkema is de Stichting yn libben roppen en in webside iepene.

Al sûnt mear as 40 jier is der yn allerhande plannen sprake fan dat de halepaden, as wat der dan noch fan oer is, bewarre bliuwe moatte. Spitigernôch ferdwine der dochs hieltyd mear stikjes.
Guon politike partijen hawwe  yn it ferline prebearre om it herstel oan te pakken. Inkeld ris slagge it om wer in stikje werom te krijen, mar noch altyd ûntbrekke der in hiel soad skeakels. Om de politike kleur der ôf te heljen is der no in ûnôfhinklike Stichting yn libben roppen dy't it folsleine herstel no ris goed oanpakt ha wol! Elk dy't it behâld fan de halepaden in waarm hert ta draacht kin dêr oan mei dwaan. "De Sûkerei" koe der sa ek komme en wêrom soene de Halepaden dan net werom komme kinne? De omstannichheden binne yn elts gefal geunstiger as ea tefoarren: allerhanne plannen sprekke oar de needsaak sa wol as de winslikheid om kuierpaden oan te lizzen en om de Halepaden te bewarjen. Boppedat binne der subsydzjekanalen en moat it al raar komme as de banken, de middenstân en de fersekeraars net in bytsje meihelpe wolle.


halehûske 2Mar allerearst moatte de halepaden no werom komme yn de "Programma's" dy't de gemeente ta útfiering bringe wol de kommende tiid. De Stichting sil him der foar ynsette dat de halepaden en kuierpaden wer op de list fan útfiering komme sille.  Boppedat moatte dy halepaden en oare kuierpaden heech op it prioriteiten listke komme.
Fansels moatte alle plannen ta útfiering brocht wurde troch de gemeente Dantumadiel. Sy is dan ek de wichtichste gearwurkings "partner" fan de "Stichting Herstel Halepaden". As alle noazen deselde kant útsteane, is it âlde sizwurd fan tapassing: 
"Sin en wille kin folle tille."

 In 2008 kon nog een gedeelte van het Halepad  hersteld worden:

Uit de Gemeentegids van Dantumadiel: Halepad Damwoude

Het pad ligt grotendeels op grond dat in 2008 door de gemeente is gekocht. Voor een klein deel loopt het door bos en over terrein van Staatsbosbeheer, die toestemming heeft gegeven om het pad aan te leggen. Het voetpad, met een lengte is circa 240 meter is, net zoals de andere paden in het aangrenzende bos, als zandpad aangelegd.  Er naast is een eikensingel geplant.
Tijdens de ruilverkaveling, die in de jaren 60 en 70 plaatsvond, verviel het oude halepaad en kwam de grond in gebruik als weiland en als bouwland voor maïs.
Zowel de gemeente als de vereniging voor dorpbelangen koesterden lang de wens om dit pad in ere te herstellen. Het werk is uitgevoerd door Loonbedrijf Van der Beek te Driesum ad € 25.000,- en is mede mogelijk gemaakt door subsidie van de provincie Fryslân.

foto Germ Westra

foto Germ Westra

Maar dit part leit der noch ferrinewearder by as yn 1972!

halepad 1972