De
Stichting Herstel
Halepaden
De
"Stiching Herstel Halepaden" stelt
harsels ta doel
om de âlde halepaden yn de "Dokkumer Wâlden" wer safolle mooglik yn
eare te herstellen. Wer't dat net mear mooglik is siket hja om
alternative oplossings sa as oer skoupaden fan Wetterskip Fryslân. Dy
skoupaden binne yn behear by Staatsbosbeheer. Dêrneist wol se mear
kuierpaden rûnom de doarpen ha. Ek dêrta binne mooglikheden oer de
skoupaden fan it Wetterskip en troch en by de
bosk-oanplantstroken
fan Staatsbosbeheer lâns.
Staatsbosbeheer wurke fanôf it earste begjin mei de
"Stichting Herstel Halepaden"
gear om moaie rekreative kuierpaden troch en rûnom de "Dokkumer Wâlden"
oan te lizzen. In oanset is der al makke troch in ynventarisaasje te
hâlden. Wetterskip Fryslân hat hat har ynstimming yntusken ek jûn."Landschapsbeheer Friesland" yn Beetstersweach is dé ynstânsje foar adfizen en subsydzjes en wurket ek graach mei ús gear. Ek mei "Landschapsbeheer Friesland" binne al petearen west. Beide ynstânsjes ha in koördinator oansteld om mei te oerlizzen.
Yn it lêste plak moatte wy de Gemeente Dantumadiel net ferjitte: op oantrún fan de wethâlders Bos en Hylkema is de Stichting yn libben roppen en in webside iepene.
Al sûnt mear as 40 jier is der yn allerhande plannen sprake fan dat de halepaden, as wat der dan noch fan oer is, bewarre bliuwe moatte. Spitigernôch ferdwine der dochs hieltyd mear stikjes.
Guon politike partijen hawwe yn it ferline prebearre om it herstel oan te pakken. Inkeld ris slagge it om wer in stikje werom te krijen, mar noch altyd ûntbrekke der in hiel soad skeakels. Om de politike kleur der ôf te heljen is der no in ûnôfhinklike Stichting yn libben roppen dy't it folsleine herstel no ris goed oanpakt ha wol! Elk dy't it behâld fan de halepaden in waarm hert ta draacht kin dêr oan mei dwaan. "De Sûkerei" koe der sa ek komme en wêrom soene de Halepaden dan net werom komme kinne? De omstannichheden binne yn elts gefal geunstiger as ea tefoarren: allerhanne plannen sprekke oar de needsaak sa wol as de winslikheid om kuierpaden oan te lizzen en om de Halepaden te bewarjen. Boppedat binne der subsydzjekanalen en moat it al raar komme as de banken, de middenstân en de fersekeraars net in bytsje meihelpe wolle.
Mar
allerearst moatte de halepaden no werom komme yn de "Programma's" dy't
de gemeente ta útfiering bringe wol de kommende tiid. De Stichting sil
him der foar ynsette dat de halepaden en kuierpaden wer op de list fan
útfiering komme sille. Boppedat moatte dy halepaden en oare
kuierpaden heech
op it prioriteiten listke komme. Fansels moatte alle plannen ta útfiering brocht wurde troch de gemeente Dantumadiel. Sy is dan ek de wichtichste gearwurkings "partner" fan de "Stichting Herstel Halepaden". As alle noazen deselde kant útsteane, is it âlde sizwurd fan tapassing:
In 2008 kon nog een gedeelte van het Halepad hersteld worden:
Uit de Gemeentegids van Dantumadiel:
Halepad
Damwoude
Het
pad ligt grotendeels op grond dat in 2008 door de
gemeente is gekocht. Voor een klein deel loopt het door bos en over
terrein van
Staatsbosbeheer, die toestemming heeft gegeven om het pad aan te
leggen. Het
voetpad, met een lengte is circa 240 meter is, net zoals de andere
paden in het
aangrenzende bos, als zandpad aangelegd. Er naast is een
eikensingel
geplant.
Tijdens de ruilverkaveling, die in de jaren 60 en 70 plaatsvond,
verviel het
oude halepaad en kwam de grond in gebruik als weiland en als bouwland
voor
maïs.
Zowel de gemeente als de vereniging voor dorpbelangen koesterden lang
de wens
om dit pad in ere te herstellen. Het werk is uitgevoerd door
Loonbedrijf Van
der Beek te Driesum ad € 25.000,- en is mede mogelijk gemaakt door
subsidie van
de provincie Fryslân.
foto Germ Westra
Maar dit part leit der noch ferrinewearder by as yn 1972!